Grut-Brittanje is in eilân yn it noarden fan 'e Atlantyske Oseaan, dat deun foar de kust fan Noardwest-Jeropa leit. It is sa grut dat it de skieding foarmet tusken de iepen oseaan en in binnensee dy't fierhinne tusken it eilân en it Jeropeeskefêstelân ynklamme leit: de Noardsee. Grut-Brittanje hat in oerflak fan 209.331 km², wêrmei't it it grutste eilân fan Jeropa is en it op acht nei grutste eilân fan 'e wrâld. Fan it uterste noarden (John o' Groats, yn Skotlân) oant it uterste suden (Land's End, yn Cornwall) mjit it eilân 968 km. Westlik fan Grut-Brittanje leit in oar grut eilân, Ierlân. Tegearre foarmje dy beide eilannen, yn 'e mande mei mear as tûzen folle lytsere eilantsjes, de arsjipel fan 'e Britske Eilannen.
Polityk is Grut-Brittanje fan âlds ferdield yn trije lannen (no lânsdielen), te witten: Skotlân yn it noarden, Ingelân yn 'e midden en yn it suden, en Wales yn it westen. Dat lêste gebiet, Wales, beslacht in grut skiereilân dat it Kymrysk Skiereilân hjit. Súdlik dêrfan, oare kant it Kanaal fan Bristol, stekt in oar skiereilân, Cornwall, in hiel ein nei it súdwesten ta út. Geografysk wurdt Grut-Brittanje behearske troch in stikmannich berchtmen: de Skotske Heechlannen yn it hege noarden; it Súdskotsk Berchlân dat de grins fan Skotlân mei Ingelân markearret; it Penninysk Berchtme dat him as in soarte fan wringe troch de midden fan Ingelân fan 'e Skotske grins oant de Midlannen ta útstrekt, en it Kymrysk Berchtme yn it binnenlân fan Wales. De grutste rivieren fan Grut-Brittanje binne de Teems en de Severn, dy't beide troch it ridlik flakke suden fan it eilân streame.
Skiednis
Yn it fiere ferline wie Grut-Brittanje ferskate kearen troch in lânbrêge mei it Jeropeeskefêstelân ferbûn doe't ûnder iistiden in grut part fan it wetter op 'e ierde fêstsiet yn lâniis en de seespegel dêrtroch folle leger wie. De ierste minsklike bewenners fan it eilân moatte yn sa'n snuorje út Jeropa oerstutsen wêze. Der binne minsklike fuotprinten fûn yn Norfolk, dy't datearje fan likernôch 780.000 jier lyn. De earste moderne minsken berikten Grut-Brittanje nei alle gedachten omtrint 30.000 jier lyn, hoewol't it gebiet troch de lêste iistiid wer folslein ûntfolke rekke. Doe't de gletsjers har likernôch 11.000 jier lyn werom begûnen te lûken, waard Grut-Brittanje werbefolke troch lju dy't neffens genetysk ûndersyk ôfkomstich wiene fan it Ibearysk Skiereilân (ynstee fan út Frankryk, sa't men earder ferwachtsje soe). Doe't troch it ranen fan it lâniis de seespegel wer begûn te stiigjen, waard Grut-Brittanje omtrint 10.000 jier lyn skaat fan it eilân Ierlân, en likernôch 8.000 jier lyn fan it fêstelân fan Jeraazje.
Yn 2011 hie Grut-Brittanje in befolking fan likernôch 61 miljoen minsken, wêrfan't fierwei it grutste part yn Ingelân wenne. Dêrmei is Grut-Brittanje it op twa nei tichtstbefolke eilân fan 'e wrâld, nei Java, yn Yndoneezje, en Honsjû, yn Japan. De grutste stêd op it eilân wie Londen, de haadstêd fan sawol Ingelân as it hiele Feriene Keninkryk, dy't yn it súdeasten fan Grut-Brittanje deunby de mûning fan 'e Teems leit en in befolking fan mear as 8 miljoen minsken hat. Lânseigen talen dy't op Grut-Brittanje sprutsen wurde, binne it Ingelsk (yn Ingelân, mar ek yn 'e oare lânsdielen), it Welsk (yn Wales), it Skotsk en it Skotsk-Gaelysk (yn Skotlân) en it Kornysk (yn Cornwall). Op it mêd fan religy hinget it meastepart fan 'e befolking fan Grut-Brittanje it kristendom noch oan, hoewol't der in oanwaaksende groep ateïsten en agnosten bestiet, wylst der fierders troch ymmigraasje út benammen Súd-Aazje grutte groepen moslims, hindoes en sikhs op it eilân kommen binne.