Hy wie ornearre foar sawol de Nederlânske kustferdigening as ek foar Nederlânsk-Ynje. De earste searjes waarden op de tradisjonele wize opboud: romp út staalbuis bespant mei linnen, houten fleugels, it rompfoarein en motorgondels út metaal. Der binne 36 fan boud dy't tsjinne hawwe by de Marine Loftfearttsjinst, de Luftwaffe en 320 Dutch Squadron RAF fan Coastal Command, stasjonearre yn Pembroke Dock yn Súd-Wales.
Farianten
T.VIII W/G
Mingde hout- en metaakonstruksje. 19 fan boud (juny 1939).
T.VIII W/M
Hielendal fan metaal. 12 boud.
T.VIII W/C
Gruttere ferzje mei krêftiger motors (1940). Finlân bestelde der fiif fan, mar foelen yn Dútske hannen en waarden brûkt troch de Luftwaffe.