De flagge fan Hidaard is de flagge fan it doarp Hidaard, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 1999 oannomd en yn 2001 registrearre.[1] It ûntwerp fan de flagge is fan de hân fan J.C. Terluin en R.J. Broersma.[2]
Beskriuwing
De beskriuwing fan de flagge is:
Read mei in giele stútlizzingstrijehoek, ferlinge nei de stútlizzing mei 1/8 flaggelingte, wêrfan de boppekant yn 'e midden fan de flagge leit; de bosserjende trijehoek bedekt mei in swart ôfhakte hynstehaad fan 3/5 flaggehichte; en in blauwe fleanende trijehoek, wêrfan de boppekant 2/3 flaggelingte is en troch in wite kperstof ferbûn is mei de boppekant yn'e midden fan de flagge.[3]
↑Fryske Rie foar Heraldyk (2012). Overzicht van de dorpswapens en -vlaggen in Fryslân. [pdf] Ljouwert: Fryske Rie foar Heraldyk. Beskikber fia: Fryske-akademy.nl.