De Firth fan Forth (Ingelsk: Firth of Forth; Skotsk: Firth o Forth; Skotsk-Gaelysk: Linne Foirthe) is de grutte mûning (Skotsk: firth) fan ferskate rivieren oan 'e eastlikekust fan Skotlân. Dit estuarium, dat ek wol as in baai beskôge wurde kin, makket diel út fan 'e Noardsee en is ferneamd nei de Forth, de wichtichste rivier dy't deryn útkomt. Noardlik fan 'e Firth fan Forth leit de krite Fife, en súdlik derfan leit de krite Lothian. De grutste stêd oan it wetter is de Skotske haadstêdEdinburgh. Geologysk is de Firth fan Forth in fjord. Yn 'e Romeinske Tiid stie dit wetter bekend as Bodotria, en yn 'e Aldnoarskesêgen wurdt it de Myrkvifjörd neamd.