Fingal of County Fingal is in krite yn eastlik Ierlân, fuort benoarden en -noardwesten fan 'e Ierske haadstêd Dublin. Fingal, is sûnt 1994 in selsstannige county; foarhinne wie it de noardlike helte fan County Dublin, mei as súdgrins de rivier de Tolka.
De namme komt fan it IerskeFine Gall, dat eat as "stam fan bûtenlanners" betsjut. Dy namme datearret nei alle gedachten fan 'e Iere Midsiuwen, doe't de Wytsingen delsettings yn dizze krite stiften.