Oarspronklik waard it gebiet dêr't Falls Church no leit, bewenne troch AlgonkwynsksprekkendeYndiaanskefolken. Yn it lêste fearn fan 'e santjinde iuw begûnen Ingelske kolonisten har fanôf de kust fan Firginia yn 'e krite nei wenjen te setten. De Falls Church, dêr't de stêd nei ferneamd is, hiet oarspronklik William Gunnell's Church, en waard yn 1733 fan hout boud. Tsjin 1757 hie it gebou yn 'e folksmûle de namme fan Falls Church krigen, om't it oan 'e wichtichste wei stie dêr't de tabak oer ferfierd waard fanôf de lytse wetterfal (Little Falls) yn 'e rivier de Potomac.
Underwilens wie om 'e tsjerke hinne lykwols in lytse delsetting groeid, dy't nei it tsjerkegebou Falls Church kaam te hjitten. Krekt as safolle delsettings yn Firginia begûn is as in soarte fan útbuorren mei sintrale foarsjennings foar de omlizzende plantaazjes. Tsjin 1800 wie it lân werferkavele yn lytsere perselen, dy't troch gerniers en lânbouwers yn 'e regel bewurke waarden mei help fan slave-arbeid. Doe't der gjin tabak mear groeie woe, om't men de grûn alhiel útput hie, begûn men oare gewaaksen te ferbouwen, lykas weet, maïs en jirpels. Ek ûntstiene der herbergen en kroegen om 'e reizgers fan en nei de nije federale haadstêd Washington, D.C. te betsjinjen.
Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865), wêrby't Firginia him mei tsien oare súdlike steaten fan 'e Feriene Steaten ôfskate, gie Falls Church ferskate kearen oer yn oare hannen. Nei ôfrin fan 'e oarloch bleau it plakje noch lange tiid in plattelânske agraryske mienskip, al wûn it yn 1875 de status fan township. Tsjin 1900 wie Falls Church mei goed tûzen ynwenners it grutste plak yn Fairfax County. Yn 1948 waard Falls Church in ûnôfhinklike stêd. East Falls Church, dat fan 1875 oant 1936 diel útmakke fan Falls Church, heart net ta de ûnôfhinklike stêd, mar falt ûnder Fairfax County.
Demografy
Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 wie doe fan 'e befolking fan Falls Church 12,2% âlder as 65 jier en 23,4% jonger as 18 jier. Fierders bestie 43,9% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 4,2% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 70,9% blanken; 9.4% Aziaten; 9,0% Latino's; 4,3% swarten; 0,3% Yndianen; 6,1% oaren of fan mingd etnysk komôf. In grut part fan 'e Aziatyske befolkingsgroep bestiet út etnyske Fjetnamezen, dy't har nei ôfrin fan 'e Fjetnamoarloch yn Falls Church nei wenjen set hawwe.