De Fairey Battle wie in bommesmiter dy't foar en yn de Twadde Wrâldoarloch brûkt waard troch de R.A.F. en de Belgyske Loftmacht. It tastel waard ûntwurpen en makke troch it fleantúchfabryk Fairey yn Grut-Brittanje. De ûntwerper wie Marcel Lobelle, in Belg út Kortrijk. De Battle wie in lichte bommesmiter fan metaal, mei ien motor en in lâningsgestel dat ynlutsen wurde koe.
Hoewol't it tastel in grutte ferbettering fan syn foargongers wie, wie er tsjin de tiid yn aksje komme moast al ferâldere: net fluch genôch, lyts fleanberik en kwetsber foar oanfallen mei loftôfwar en jagers, meidat er mar twa .303 in masinegewearen ta ferdideging hie.[1]
By syn yntroduksje yn 1937 waard der hiel wat fan it tastel ferwachte. Yn de saneamde "Phoney War", waarden mei de Fairey Battle de earste oerwinningen fan de Royal Air Force yn de Twadde Wrâldoarloch behelle, mar al yn maaie 1940 wiene de ferliezen goed 50% de missy boppe België. Dêrom waard de Battle ein 1940 út aktive tsjinst weromlutsen en ornearre foar treningen fan oerseeske ienheden en it tôchjen fan loftdoelen. De Battle wie ien fan de meast teloarstellende fan alle fleantugen ea fan de RAF.
Bewapening: twa 7,7-mm-masinegewearen, ien beweechbere efter yn de kabine en ien fêste oan de foarkant; fjouwer 113-kg-bommen yntern, 227 kg bommen ûnder de fleugels
Bemanning: 3; piloat, navigator en skutter/waarnimmer