Sandys wie de suster fan Frederick Sandys. Beide bern krigen skilderûnderrjocht fan heit Anthony Sands.
Sandys wurke mei oaljeferve en mei kryt en keas fral Midsiuwske tema’s, faak portretten fan moai klaaide froulju. Se skilderde lykas har broer Frederic yn prerafaelityske styl, mei in soad oandacht foar detail. Sandys wurke faak yn it atelier fan har broer yn Londen. Tusken 1867 en 1874 hie hja útstallingen yn Londen (by de Royal Academy of Arts) en ek yn har bertestêd Norwich, dêr't se yn de omkriten fan ek faak skildere.
Oer it libben fan Sandys is net folle bekend. Se stoar yn 1877, mar 34 jier âld.
Wurk fan Sandys is ûnder mear te sjen yn de ‘Walker Art Gallery’, Liverpool, en it ‘Norwich Castle Museum’.
Galery
Elaine
Lady in a Yellow Dress
Fiammetta
Study of a Head
A Medieval Beauty
Portrait of a Girl
Portrait of a Lady
Viola
The Beautiful Wallflower
Preparing for the Ball
Literatuer
Marsh, Jan, Pamela Gerrish Nunn: Pre-Raphaelite Women Artists. Londen: Thames and Hudson, 1998.