Richard Douglas (Dick) Fosbury (Portland, Oregon, 6 maart 1947 – Salt Lake City, 12 maart 2023) wie in Amerikaanske heechspringer, dy 't as earste in technyk populêr makke wêrby't de atleet nei in oanrin bûgd efteroer de latte gie, hjoed-de-dei bekent as de fosburyflop. Hy hat ienris meidien oan de Olympyske Simmerspullen dêr't hy Olympysk kampioen waard mei in Olympysk rekôrd fan 2,24 m.
Dick Fosbury ferstoar op 12 maart 2023, yn 'e âldens fan 76 jier oan de gefolgen fan kanker.[1]
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|