Departemint fan de Skelde en Maas wie de namme fan in departemint fan de Bataafske Republyk dat bestien hat fan 1798 oant 1801. De haadstêd wie Middelburch.
It omfieme, nei it opnij besjen fan de grûnwet yn 1798, likernôch it grûngebiet fan de eardere goaen Seelân (mar sûnder Siuwsk-Flaanderen), Hollân (besuden de Maas) en it westlik diel fan Bataafsk-Brabân.
By de opstelling fan it Steatsbewâld yn 1801 waard it departemint wer opheft en jilden de âlde grinzen fan de goaen op 'en nij: de departeminten Brabân, Hollân en Seelân waarden ynsteld.
Yndieling
Boppe de ferskate steds- en doarpsbestjoeren bestie it departemint fan de Skelde en Maas ek út sân 'ringen'. In 'ring' wie in bestjoerlike laach dy't hjoed-de-dei tusken it gemeentlik en provinsjale nivo sitte soe.
Keppeling om utens
Kaart fan de Bataafske Republyk 1798-1801
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|