It Departemint fan Teksel bestie fan 1798 oant 1801. De haadstêd wie Alkmar.
It wie in part fan de Bataafske Republyk en omfieme it noardlike diel fan it eardere goa Hollân oant de Alde Ryn, útsein it gebiet om Amsterdam hinne (dat wie it Departemint fan de Amstel) en it eilân Flylân. It westlik diel fan it eardere goa Utert hearde der ek by.
Yn 1801 waard de weryndieling weromdraaid en it âlde goa omfoarme ta it Departemint Hollân; it Utertske diel waard part fan it Departemint Utert.
Keppeling om utens