Demis Roussos waard berne yn Egypte as soan Grykske âlden dy't alles ferlearen nei de Suezkrisis yn 1956 en dêrnei nei Grikelân werom giene. Dêre wie Roussos lid fan in tal groepen sa as The Idols, We Five en Aphrodite's Child ear't er mei in solokarriêre út ein sette.
Roussos syn solokarriêre pykte yn de jierren santich mei in tal hits, wêrfan't de singles My Friend the Wind en Forever And Ever (1973) heech op de hitlisten stiene yn ferskate lannen. Yn desimber 1973 hie er yn Nederlân in nûmer 1-hit mei Schönes Mädchen aus Arcadia.
Roussos stoar jannewaris 2015 yn it Ygeia Hospitaal yn Athene oan de gefolgen fan maachkanker.[1][2]
Happy to Be on an Island in the Sun, Can't Say How Much I Love You, Far Away
Die Nacht und der Wein
Schön wie Mona Lisa (Wenn ich ein Maler wär'), Perdoname, Vagabund der Liebe, Die Bouzouki, die Nacht und der Wein, Komm in den Garten der tausend Melodien