De tsjerke is yn 1790 as in herfoarme tsjerke boud. Dat fûn plak op de fûneminten fan in 12e of 13e-iuwske tsjerke fan dowestien. Dy eartiids katolike tsjerke hearde by de Noard-Dútske abdij fan Corvey en wie wijd oan Markus en/of Martinus. Lêste pastoar wie Andries Attes[2] Yn 1926 waard de tsjerke oan de noardlike kant útwreide.
Ynrjochting
By de restauraasje yn 1999-2000 ûnder lieding fan de arsjitekt Jelle de Jong út De Lemmer is de ynrjochting werom brocht sa't dy wie foar de restauraasje yn 1926. De preekstoel mei it doophek binne 17e-iuwsk en krigen yn it ramt fan de lêste restauraasje wer it tradisjonele plak oan de súdlike muorre. Ek krige it bankeplan in tradisjonele opstelling werom. De tsjintwurdige banken komme oarspronklik út in herfoarme tsjerke fan Skeveningen. De kreake waard by de útwreiding fan 1926 ôfbrutsen.
Fan de oarspronklik fjouwer troch Ype Staak brânskildere ramen bleaune nei min waar yn 1879 mar ien oer. Op dat raam is it wapen fan Fryslân ôfbyld.
Yn de ynsnuorre geveltoer hinget in troch Steven Butendiic getten klok út 1458.