De Christlich Demokratische Union Deutschlands (CDU, Kristlik Demokratyske Uny fan Dútslân) is in politike partij yn Dútslân. De partij is fuort nei de Twadde Wrâldkriich stifte troch Konrad Adenauer yn 1945 en oppenearret him as in mijen kristlike en grutste konservative sintrum-rjochtse partij. Nei de fal fan de Berlynske Muorre is East-DútskeCDUD gearrane mei it CDU mar de namme feroare net. Yn Beieren ha se gjin CDU mar de CSU, de Kristlik-Sosjale Uny yn Beieren. De CDU en CSU binne nau besibbe oaninoar en wurkje gear op federaal nivo. De CDU/CSU hat folgelingen ûnder katoliken, protestanten, lanlike belangen en leden fan alle ekonomyske klassen. De partij is oer it algemien konservatyf op ekonomysk en sosjaal mêd en identifisearret har mear mei de roomsk-katolike en protestanske tsjerken as de oare grutte partijen. It partijprogramma is earder pragmatysk as ideologysk.
Partijstruktuer
Eltse dielsteat hat syn eigen CDU ôfdieling, útsein Beieren (dêr ha se de CSU). Yn Nedersaksen ha se troch histoaryske ûntjouwings trije CDU ôfdielings, Hannover, Braunschweig en Oldenburg. Yn Nedersaksen hawwe hjit de partij offisjeel de CDU in Niedersachsen.
Besibbe organisaasjes
Besibbe organisaasjes oan it CDU binne:
Junge Union (JU), de jongereinôfdieling foar it CDU en CSU
Christlich-Demokratische Arbeitnehmerschaft (CDA), in tradisjonele loftse feriening foar kristlik-demokratyske arbeiders
Evangelischer Arbeitskreis der CDU/CSU (EAK, tegearre mei CSU), fertsjinwurdiging fan de protestantske minderheid yn de partij
RCDS (Ring Christlich Demokratischer Studenten), studinteferiening fan de partij