Nei twa jier yn Dublin festige er him yn 1792 yn De Haach. Dêr en yn Amsterdam, dêr't er ek in protte arbeide, makke er "swartekeunstprinten" of mezzotinten fan Ingelske skilderstikken. Yn 1797 ferhuze er mei syn húshâlding nei Amsterdam, dêr't er him ûntjoech ta in protte frege portretskilder yn de styl fan Tischbein. Hy wie teffens graveur, tekener, útjouwer, keunsthanneler en lid fan it selskip Felix Meritis.
Hodges wie adviseur fan it Nederlânsk regear yn 1815 by it werombringen fan de tûzenen skilderijen en printen út Nederlânske samlingen, ûnder mear dy út de Galery Prins Willem V en de samling fan de steedhâlders, dy't de Frânsken yn 1795 yn beslach naam hiene.
Hodges makke sa'n 700 portretten; de measte binne út de 19e iuw. De ierste wurken binne yn it pastel, de lettere mei oaljeferve. Portretten fan Hodges binne te finen yn it Ryksmuseum yn Amsterdam, yn oare museums, tal fan kastielen en yn keninklike en partikuliere samlingen.