Cruz waard yn 1979 berne yn 'e stêdCleveland, yn 'e Amerikaanske steatOhio, mar groeide op yn it lytsere plak Brunswick. Ein jierren njoggentich krige se ûnder de namme Jenna Z (ek wol oaninoar skreaun as JennaZ) in beskate bekendheid mei wurk as fitnessmodel dat se as bybaantsje die njonken har foltiidswurk as siktaresse. Yn dy snuorje waarden der fotoreportaazjes fan har opnommen yn tydskriften as MuscleMag International en American Curves. Letter begûn Cruz neaken te posearjen, bgl. yn Splat Magazine, en sa rekke se fia-fia by de Amerikaanskepornoyndustry belutsen.
Cruz makke yn novimber2000 har debút as pornoaktrise yn pornografysk materiaal op har eigen webside. Yn 't earstoan wurke se noch ûnder de namme Jenna Z, en hie se kupmaat 32C, mar letter liet se har boarstenfergrutsje nei in DD-kup en feroare se har namme yn 'Catalina Cruz'. Yn in fraachpetear op 'e webside LukeIsBack.com joech se dêr as ferklearring foar dat har "op frijwol deistige basis ferteld waard dat ik op [de Spaanske filmaktrise]Penélope Cruz lykje, mar dan mei grutte titen." Hoewol't se fanwegen har dûnkere uterlik en Spaanskeskûlnamme 'Cruz' yn 'e regel as in Latina beskôge wurdt, sprekt Cruz eins gjin Spaansk en is se fan mingd Sloveensk en Dútsketnysk komôf.
Hoewol't Cruz yn 2007 en 2008 yn fjouwer pornofilms fan it foaroansteande label Adam & Eve spile, hat se har benammen konsintrearre op it meitsjen fan pornografysk materiaal foar har eigen websiden. Dêrby hat se sawol solo-, lesbyske as heteroseksuële sênes dien, anale seks ynbegrepen. Hja leit har lykwols benammen ta op orale sekssênes, en hat dêrfoar twa parodywebsiden oprjochte, LicensedToBlow.com (oangeande fellatio) en LisencedToLick.com (oangeande kunnilingus), wêrby't se de draak stekt mei har eigen sabeare superieure orale feardichheden troch oare pornostjerren yn sok wurk te beoardieljen en sifers te jaan. Al har trije websiden binne oansletten by it Fantasy Girl Entertainment Network. Yn 2009 wûn Cruz foar har ynternetwurk de AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory ynternetstjer fan it jier. Yn 2011 waard se nochris nominearre foar de AVN Award yn dyselde kategory.