Boarnwerthuzen 2 (1981)
Boarnwerthuzen is in buorskip dy’t yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Boarnwerthuzen leit noardwestlik fan Dokkum en besuden De Lytse Jouwer . Boarnwerthuzen leit yn de himrik fan Boarnwert .
De bebouwing fan Boarnwerthuzen leit oan de lyknammige dyk Boarnwerthuzen. De buorskip telt 5 adressen.
Boarnwerthuzen 1
Lâns de buorskip rinne de Alde Peazens en De Peazens .
Skiednis
Namme
De namme komt ek foar as Bornwerderhuysen , Bornwirdhuizen , Boarnwerterhuzen , Bornhuysen en Bornwerderhuijsen . De buorskip is ûntstien út Boarnwert wei.
Gemeentelike weryndieling
Sûnt 2019 leit Boarnwerthuzen yn de gemeente Noardeast-Fryslân , dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei de buorskip yn sawol de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel .
Sjoch ek
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: