Pérez waard yn Belgje berne út Spaanske âlden (en hja hat sadwaande ek de Spaanske nasjonaliteit). Hja groeide op yn it Belgysk-Limburchske plak Neerpelt, deunby de Nederlânske grins. Perez waard yn Flaanderen om 2000 hinne bekend troch har dielname oan it VRT-programma Eurosong, dat de Belgyske foarseleksje foar it Eurofyzjesongfestival omfiemet. Hoewol't se beide kearen dat se dêroan meidie, krekt net útkeazen waard om Belgje te fertsjintwurdigjen, foarme har optreden yn Eurosong wol de basis fan har sjongkarriêre.
Hoewol't Pérez úteinsette mei in fierhinne Ingelsktalich rippertwaar, stapte se mei har trêde album Baila Pérez oer nei in hast folslein Spaansktalich oeuvre. Datselde album markearre ek de oergong fan pop nei Latin-muzyk. Sûnt ferkeapje Pérez har albums en singles in stik better as foartiid. Pérez sjongt inkeld ek wol yn it Nederlânsk, en yn 2014 naam se it nûmer Ich Haaw von Och ("Ik Hâld fan Dy") yn it Limburchsk op. Yn 2005 briek se foar it earst bûten Belgje troch, doe't Que Viva la Vida de Top 10 fan 'e Nederlânske hitlisten helle, en Pérez dêrfoar mei mear as 50.000 ferkochte eksimplaren in gouden plaat wûn. Yn 2007 trede se foar it earst op yn in útferkocht Ahoy', yn Rotterdam. Sûnt hat se ek yn Dútslân beskate súksessen boekt.
Njonken har sjongkarriêre is Pérez ek aktyf as presintatrise. Sa presintearre hja foar de VRT it alderearste online-tillefyzjeprogramma fan Flaanderen, Channel E, en wurke se yn 2003 gear mei Jan Bosman foar de presintaasje fan Zones.tv foar de Flaamske stjoerder LibertyTV. Yn Nederlân presintearre Pérez mei sjonger Jan Smit foar de TROS it muzykprogramma Trosmuziekfeest. Fierders hat se yn 2005 sjuerylid west by de talintejachtStar Academy, en teffens wûn se yn 2004 yn Belgje in Miss-ferkiezing. Yn 2008 posearre se neaken foar it Belgyske tydskriftNina, en dêrnjonken hat se ek al twaris posearre foar it manljusblêd FHM.
Priveelibben
Belle Pérez hie fan 1995 ôf in fêste relaasje mei Mario Winters, mei wa't se yn 2000 yn it houliksboatsje stapte. Yn 2008 besleaten hja lykwols om útinoar te gean, en doe folge in skieding. In pear moanne letter kaam Pérez yn 'e kunde mei Wouter van der Horst, in Antwerpske ûntwerper fan juwielen, mei wa't se in nije relaasje begûn.