Yn 2007 wurke Prinsloo foar it earst foar it linzjerymerkVictioria's Secret, dêr't se it gesicht waard fan it sub-label Pink. Dêrnjonken waard se yn 2008 ien fan 'e saneamde Victoria's Secrets Angels, en yn dy hoedanichheid iepene se de jierlikse moadeshow fan it merk yn 2014. Yn 2012 stie Prinsloo op it tolfde plak fan 'e ranglist fan 'e meast seksy modellen fan 'e wrâld fan 'e webside Models.com. Datselde jiers waard se it gesicht fan it AustralyskebaaikleanmerkSeafolly.
Njonken har modellewurk hat Prinsloo ek meiwurke oan ferskate fideoklips, wêrûnder dy fan it nûmer Rich Girls, fan 'e band The Virgins, en twa nûmers fan 'e band Maroon 5. Teffens spile se harsels yn 'e ôflevering Ha'awe Make Loa fan 'e AmerikaanskeplysjesearjeHawaii Five-0.