Mulder waard berne út Grinslanner âlden oan de Nieuwe Schrans yn Huzum. Mulder syn heit wie sjef ekspedysje by Vroom en Dreesmann. Hy learde tekenjen op de legere skoalle fan byldhouwer M.B. Hoffer, learde oan de ôfdieling skilderjen oan de ambachtsskoalle en wurke dêrnei mei ûnder oaren Jan Stroosma en Auke de Vries op de dekoraasjeôfdieling fan V&D. In pear jier letter waard er selsstannich etaleur/dekorateur en besocht er de Akademy Vredeman de Vries yn de jûnsoeren. Hy joech sels les oan de Academie Voor Expressie en Communicatie. Mulder wie lid fan it Boun fan Fryske keunstners en hie in galery yn Ljouwert. Hy wurke as skilder ekspresjonistysk-abstrakt.