It Baku City Circuit is in strjittesirkwy by de Azadliq Square, Bakû yn Azerbeidzjan.
It 6 km lange sirkwy waard iepene yn 2016; foar de Formule 1 op 19 juny 2016 waard dêr de Grutte Priis Formule 1 fan Jeropa ferriden. Fanôf 2017 waard de Grutte Priis Formule 1 fan Azerbeidzjan dêr geregeldwei organisearre.