De Aurealis Awards binne in groep Australyske prizen op it mêd fan 'e literatuer dy't op jierlikse basis útrikt wurde foar treflikens yn spekulative fiksje (in sammelnamme foar science fiction, fantasy en horror). Allinne Australyske auteurs en bûtenlanners dy't al lange tiid yn Austraalje wenje, komme foar de prizen yn oanmerking. De Aurealis Awards waarden yn 1995 ynsteld troch Chimaera Publications, de útjouwerij dy't it tydskrift Aurealis publisearret, dat wijd is oan spekulative fiksje. Yn 1996 waarden de prizen foar it earst útrikt. De winners wurde útornearre troch in trijekoppige faksjuery.
Kategoryen
Troch de jierren hinne binne de kategoryen wêryn't de Aurealis Awards útrikt wurde, wat feroare. Anno 2016 besteane de folgjende kategoryen:
Sûnt 2009 wurdt fierders op 'e útrikking fan 'e Aurealis Awards ek de Kris Hembury Encouragement Award, in oanfiteringspriis, útrikt, hoewol't dat feitliks gjin Aurealis Award is.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes