Apokalyptyske en post-apokalyptyske fiksje foarmet twa nau besibbe subsjenres fan science fiction, fantasy, horror of spekulative fiksje yn 'e bredere sin. Ferhalen fan apokalyptyske fiksje draaie om 'e apokalyps, oftewol de ein fan 'e wrâld, of yn elts gefal om 'e ein fan 'e minsklikebeskaving sa't dy no bestiet. Apokalyptyske fiksje omfiemet ek ferhalen dêr't yn besocht wurdt om sa'n apokalyps foar te kommen. Ferhalen fan post-apokalyptyske fiksje draaie om it oerlibjen yn in wrâld nei't de minsklike beskaving by in apokalyps folslein ynstoart is. Faak is der yn sa'n wrâld gjin (wurkjende) technology mear, of binne de helpboarnen om technology geande te hâlden tige krap wurden.
Binnen de post-apokalyptyske fiksje komme twa oer it algemien dúdlik faninoar te ûnderskieden, mar fierders nammeleaze subsjenres foar. Yn it earste fan dy subsjenres spilet it ferhaal fuortendaliks nei de apokalyps, en leit it him ta op 'e psychologyske swierrichheden fan 'e traumatisearre oerlibbenen by harren wanhopige besykjen om middenmank de lêste restanten fan harren beskaving yn it libben te bliuwen. Yn it oare subsjenre spilet it ferhaal folle letter, yn in wrâld mei ien of mear eigen beskavings mei eigen noarmen en wearden, en yn in tiid dat de pre-apokalyptyske, oarspronklike beskaving yn 'e ferjitnis rekke of mytologisearre is.