Alexi begûn as jong jonkje mei fioele spiljen, as jonge puber gie er oer op gitaar. Hy folge in oplieding oan de pop- en jazzkonservatoarium yn Oulunkylä, dy't er net ôfmakke om te gean libjen fan de muzyk. Hy begûn by in tige eksperimintele band mei de namme T.O.L.K. Hjirnei rjochte hy yn 1993 mei drummer Jaska Raatikainen dy't er al fan jongs ôf oan koe de band Inearthed op yn 1997 waard de namme fan dizze band feroare yn Children of Bodom. Mei Children Of Bodom brocht Laiho tusken 1997 en 2019 tsien studio-albums en fjouwer live-albums út.
Njonken Children of Bodom wie Laiho ek fan 1997 oant en mei 2011 ek gitarist by Sinergy de band fan syn freondinne Kimberly Goss, mei Sinergy brocht er trije albums út. Yn 2004 wie Laiho ien fan de oprjochters fan de Finsktalige punkband Kylähullut mei dizze band brocht er twa albums út. Kylähullut hâld nei de dea fan drummer Tonmi Lillman yn 2012 op fan bestean. Twa jier lang (1998-2000) wie Alexi lid fan de band Impaled Nazarene en brocht hjirmei ien album út.
Nei't Children of Bodom ophâld fan bestean yn 2019 rjochte Laiho tegearre gitarist Daniel Freyberg de band Bodom After Midnight op. Mar ta in folsleinalbum is it nea kaam, Alexi Laiho ferstoar nei't der noch mar krekt trije nûmers opnaam wiene [1].
Priveelibben
Yn 2002 boaske Laiho mei Kimberly Goss sjongeres fan de band Sinergy. Hja giene yn hja útinoar mar nei it ferstjerren fan Laiho die bliken dat se nea wetmjittich skeiden wiene. In tal jierren nei it beïnigjen fan de relaasje mei Goss, ferloofde Laiho him mei Kelli Wright in Public Relations manager út Austraalje hy boaske mei har yn 2017 trochmiddel fan in tradisjonele hantfêstingsritueel mar boaske mei har net foar de wet.
Laiho hie in lange skiednis fan drankswietens, hie wie jierrenlang in mear as stevige drinker mar fermindere it drinken yn 2013 flink nei't er in tal sûnensproblemen ûntwikkele hie. Op 4 jannewaris2021 waard fia de websiden fan Children of Bodom en Bodom after Midnight bekend dat Alexi Laiho in wike earder op 29 desimber2020 ferstoarn wie, oan nei wat letter die bliken alkohol relatearre leveroandwanning en in ûntstekking oan syn pankreäs, Laiho blyk al jierren slim siik west te hawwen[2].