Pope waard berne yn in katolike hûshâlding en waard fral thús ûnderrjochte.
Al mei tolve jier skreau er gedichten, faak die er oare skriuwers nei. Syn meast orzjinele wurk út dy tiid wie Pastorals (1709).
Pope syn earste wier grutte wurk wie An Essay on Criticism út 1711. Oare bekende wurken yn dy snoarje wienen The Rape of the Lock (1712, nije ferzje 1714) en syn oersettings fan Homerus' Ilias en Odyssee (1715-1726). Dy lêsten barde er genôch foar om him werom te lûken yn in bûtenpleats yn Twickenham, dêr't er it oare part fan syn mânske wurk skreau.