Yn 'e earste faze fan dizze perioade waard frijwol eltse stêd tusken Pylos, yn Grikelân, en Gaza, oan 'e súdein fan 'e Levant, op gewelddiedige wize ferwoastge. In protte fan dy plakken rekken ferlitten en waarden net mear opboud, wêrûnder Mysene, it sintrum fan 'e Myseensk Grykske kultuer, de Hettityske haadstêdḪattuša, en Oegarit, it mulpunt fan it keninkryk mei deselde namme. Op 'e Peloponnesos allinnich al rekke 90% fan alle bekende bewenne plakken út dy tiid ferlitten, wat wiist op in mânske ûntfolking. It ferfal fan alle steaten en oerheden hie slimme fersteurings fan 'e hannelsrûtes ta gefolch en brocht it fermogen om lêze en skriuwe te kinnen yn it hiele gebiet oant it minimum werom.
Inkeld in pear machtige steaten, yn 't bysûnder it Assyryske Ryk yn noardlik Mesopotaamje, Elam yn wat no it súdwesten fan Iraan is, en Egypte (hoewol't dat slim ferswakke rekke), oerlibben de ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel. Tsjin 'e ein fan 'e tolfde iuw f.Kr. rekke lykwols ek de macht fan Elam yn it neigean nei't it ferslein wie troch Nebûkadnêzer I, dy't foar koarte tiid it Babyloanyske Ryk weroplibje liet foar't it der úteinlik ûnder strûpte nei in rige nederlagen tsjin 'e Assyrjers. Nei de dea fan Asjoer-bel-kala, yn 1056 f.Kr., rekke ek it Assyryske Ryk in iuw lang yn 'e nederklits en kromp it sterk yn. Tsjin 1020 f.Kr. liket Assyrje allinnich noch de direkt oangrinzgjende gebieten ûnder syn macht hân te hawwen; it goed ferdigene Assyryske heitelân kaam lykwols ûnder de ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel net oan serieuze bedrigings bleat te stean.
Foar de ynstoarting fan it ynternasjonaal stelsel oan 'e ein fan 'e Brûnstiid binne troch histoarisy en argeologen in grut ferskaat oan ferklearrings oppenearre, mar men hat it oer noch net ien iens wurde kinnen. Nei alle gedachten sille ûnderskate faktoaren in rol spile hawwe, lykas hommelse klimatologyske feroarings feroarsake troch grutte fulkaanútbarstings, ynvaazjes troch barbaren lykas de mysterieuze 'Seefolken', it effekt op 'e oarlochfiering dat útgie fan 'e fersprieding fan metallurgy op basis fan izer (ynstee fan brûns), en in ferskaat oan mislearrings fan politike, maatskiplike en ekonomyske stelsels.