Wieke Bosch

Wieke Bosch fier foar de oarloch (foto út it argyf fan Arend Hazewinkel)

Wytske Bosch (Wieke) (Ljouwert, 20 febrewaris 1882 - Ravensbrück, 17 febrewaris 1945) wie in fersetsstrider en anargiste út Ljouwert.

Biografy

Jonkheid, oplieding en wurk

Wieke Bosch wie de dochter fan Willemke Walrabenstein en pottebakker Sybren Bosch. De húshâlding wie Nederlânsk Herfoarme. Nei de legere skoalle waard Wieke tsjinstfaam. Yn 1904 troude se mei Rein Zandstra, in magazynwurker en letter stoffearder en eigener fan in flierkledewinkel. It span krige trije bern. Se stienen earst te boek as Nederlânsk Herfoarme, mar se lieten har al gau útskriuwe.

Fyftjin jier nei har trouwen, op 2 oktober 1919, gie Bosch by har man en trije bern wei - se wennen doe yn Stiens - en luts yn Ljouwert yn by de smid Jan de Haan, in militante anargist. De Haan is yn 1922 fan syn frou skieden, mar Bosch liet har houlik noait offisjeel ûntbine. Se neamde har wol wer Bosch, har famkesnamme. Neffens it befolkingsregister fan Ljouwert wie se oars De Haan syn húshâldster.

Al gau nei't se by De Haan ynluts, waard Bosch lid fan de anargistyske beweging fan Ljouwert. Yn 1921 waard se siktaris fan 'e pleatslike ôfdieling fan de Internationale Anti Militaristische Vereeniging (IAMV). Dy ôfdieling hie jierrenlang om 'e tritich leden hinne en organisearre geregeld grutte iepenbiere gearkomsten. Ek de provinsjale Nooit Meer Oorlog-dei mei de oare ôfdielingen fan de IAMV fan 'e provinsje stie alle jierren op 'e aginda. Ek dêrfoar wie Bosch siktaris.

Wieke Bosch wie yn 1923 de earste kontaktpersoan foar it Vrije Jeugd Verbond. Ek ferkocht se jierrenlang it anargistyske wykblêd De Arbeider. It slagge har om jild by elkoar te krijen foar de antymilitaristyske fûnsen, lykas it Kantinefûns foar Tsjinstwegerers en letter it Stipefûns foar de slachtoffers fan prinsipieel antymilitarisme.

Sadwaande kaam it Revolutionair Anty Militaristysk Propaganda Komitee Fryslân ta stân mei Bosch as siktaris. De organisaasje hie faak jildkrapte. Begjin 1929 moast Bosch in tal fan har funksjes opjaan fanwegen sykte. Gerben van Houten, in tabakskerver út Snits, folge har op. Ek by de IAMV ôfdieling moast Bosch har taak as siktaris opsizze.

Healweis de tweintiger jierren sette de Sintrale Ynljochtingetsjinst har op in geheime list fan revolúsjonêren. Op in list út 1926 stie se as juffer W. Bosch út Ljouwert.

Bosch spile fierders in belangrike rol by de lokale ôfdieling fan it Nij-Malthusiaanske Bûn (NMB). Dy warskouwe yn dy jierren foar de gefolgen fan oerbefolking en sette him al sûnt 1881 yn foar it gebrûk fan foarbehoedmiddels. It bûn woe de arbeider leare om syn húshâlding lyts te hâlden dat syn wolfeart tanimme kinne soe. It wurk fan it NMB naam foaral yn 'e tritiger jierren in grutte flecht, al waard it bûn flink tsjinwurke troch de oerheid en foaral de katoliken, dy't beide gjin foarstander wienen fan bertebeheining.

Der kamen konsultaasjeburo's yn ferskillende stêden, ûnder oaren yn Ljouwert. Bosch waard de behearster fan it Rutgershûs. Dêr koe se de arbeidersfroulju yn har eigen taal oansprekke. It levere har de bynamme 'Muoike Wieke' op. Letter hie se deselde rol ek yn Snits.

Yn 1937 kaam har freon Jan de Haan te ferstjerren. Hij waard 71 jier âld.

1940-1945

As oertsjûge antymilitarist en anargist kaam Bosch al gau yn aksje doe't de Dútse troepen yn maaie 1940 Nederlân besetten. Se griep al ier yn 'e oarloch nei de pinne. Har 'Vonkgroep' yn Ljouwert hâlde him dwaande mei de fersprieding fan it liifblêd fan de sosjalistyske beweging en fierders mei it ferlienen fan stipe oan ûnderdûkers. Bosch brûkte it netwurk fan 'e IAMV fan foar de oarloch foar de kontakten. Sa regele se ûnder oaren ûnderdûkplakken foar minsken út West-Fryslân. Se sette Snitser Gerben van Houten oan om ek yn syn wenplak in Vonkgroep op te setten.

De stipe oan ûnderdûkers hâlde ek yn it leverjen dan persoansbewizen sûnder 'J'. De pasifistyske beweging hâlde der in eigen ferfalsingssintrale op nei. Op 19 novimber 1942 wist de SD troch it hiele lân leden fan de Vonkgroepen by de kraach te krijen. Ek Bosch pakten se op. Se smokkele briefkes mei warskouwings de finzenis út, mar de SD yn Ljouwert wie der fan op 'e hichte dat se kontakt hie mei ien fan 'e lanlike lieding.

Moannenlang siet se opsluten yn it Hûs fan Bewar. De SD fûn fierders gjin bewiis tsjin har, mar se lieten har lykwols op 9 maart 1943 dochs fia kamp Westerbork nei it konsintraasjekamp Ravensbrück oerbringe. Ravensbrück wie yn 1939 spesjaal oprjochte foar de ynternearring fan grutte oantallen froulike finzenen en wie sawol in straf- as in wurkkamp. Der sieten yn it kamp mar in pear froulju út Nederlân: tusken 1941 en 1943 wienen dat likernôch trijehûndert. Doe't Bosch dêr bedarre, wie se al oer de 60. Op grûn fan har jierren krige se in reade kaart. Sa'n kaart betsjutte frijstelling fan swier wurk. It gie om âldere froulju dy't op grûn fan har âldens feroardiele wienen ta it breidzjen fan sokken. Bosch moast op 'e naai- en linnenkeamer oan 'e slach. Se trof dêr Trien de Haan-Zwagerman, de frou fan 'e âldste soan fan har ferstoarne freon Jan de Haan.

Yn it kamp neist Ravensbrück, Uckermark, waard in gaskeamer boud. Begjin febrewaris brocht de kamplieding in tal breidsters, wêrûnder Bosch, oer nei kamp Uckermark omdat se in reade kaart hienen. Ek Trien de Haan moast mei. Op 16 febrewaris 1945 selektearre de lieding út dy froulju in tal foar fergassing, wêrûnder acht froulju út Nederlân. Bosch wie ien fan dy acht.

Op 17 febrewaris wegere de gasynstallaasje tsjinst en dêrom moasten de neakene froulju mei in mitrailleur deasketten wurde.[1] Bosch kaam trije dagen foar har trijeensechstichste jierdei oan har ein.

Nei de oarloch

Har dochter Wim van der Meulen-Zandstra liet op 20 september 1945 in berjocht yn 'e Ljouwerter Koerier sette, dêr't se yn fernijde dat se tynge krigen hie fan it Reade Kruis, dat har mem yn febrewaris 1945 yn konsintraasjekamp Ravensbrück stoarn wie.[2]

It blêd De Vrije Socialist betocht Bosch yn maart 1946: Het eenvoudige optreden van Bosch maakte haar niet alleen bemind onder de geestverwanten, doch dwong haar tegenstanders steeds respect af. Door haar onvermoeide geestkracht bleef zij steeds door-werken ook toen dit haast onmogelijk werd door de bezetting. Werd ze door velen Tante Wieke genoemd, voor nog veel groter aantal vrouwen is ze moeder geweest die ze met raad en daad bij stond in morele en andere zaken.[3]

Yn oare media bleau it stil.

Op 12 april 2024 makke it Frysk Fersetsmuseum te Ljouwert buorkundich dat de namme fan Bosch en dy fan Esmée van Eeghen (1918-1944) taheakke wurde sil oan in monumint mei de nammen fan fallen fersetsstriders. It museum ferklearre dat Wieke Bosch by de oprjochting fan it monumint yn 1995 nei alle gedachten oan de oandacht ûntkaam is. [4]

Literatuer

  • Hazekamp, Arie), ONGEBROKEN IDEALISME De Friese anarchiste Wieke Bosch, in: De AS 202,p. 21-25
  • Hazekamp, Arend, Geestverwanten van Ferdinand Domela Nieuwenhuis Het vrije socialisme in Groningen, Friesland en Drenthe 1890-1940 , Grou, 2023 (Louise), ISBN 9789083269122.
  • Lankester, Bart, Kom vrouwen, aangepakt! De revolutie van socialiste Trien de Haan, Amsterdam, 2017 (Prometheus), ISBN 9789035143814.
  • Berendsen, Anna, Vrouwenkamp Ravensbrück, Utert, 1946 (W. de Haan).
  • Voerst van Lynden, Illy, Alleen de toekomst kan je ontnomen worden. De oorlogsjaren van Agnès de Beaufort, 2015 (Eigen beheer).
  • Walle, Hessel de, Vrouwen van het Friese verzet: gevecht op vele fronten, Dokkum, 2024 (Wijdemeer), ISBN 9789083344843.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Berendsen, side 166-167
  2. De Ljouwerter Koerier, 20 septimber 1945
  3. De Vrije Socialist, 2 maart 1946
  4. Fries Verzetsmuseum, Fries verzetsmuseum voegt wieke bosch en esmée van eeghen toe aan verzetsmonument (12 april 2024)

Read other articles:

Bagian dari series onKitab suci Sikh Sikhisme Sejarah Sikhisme Kepercayaan Sikh Sikh Sri Guru Granth Sahib Japji Sahib Shabad Hazaray Anand Sahib Rehras Sahib Kirtan Sohila Sukhmani Sahib Asa di Var Dasam Granth Gur Mantar Jaap Sahib Benti Chaupai Amrit Savaiye Varan Bhai Gurdas Artikel-artikel tentang Sikhisme Portal: Sikhisme Kotak ini: lihatbicarasunting Adi Sri Guru Granth Sahib (bahasa Punjabi: ਗੁਰੂ ਗ੍ਰੰਥ ਸਾਹਿਬ, gurū granth sāhib), atau Guru Granth Sahi...

 

Le wattmètre est un appareil qui mesure la puissance électrique consommée par un récepteur ou fournie par un générateur électrique. La puissance s'exprime en watts et ses multiples comme le kilowatt et ne doit pas être confondue avec l'énergie qui s'exprime en joules ou en kilowatts-heures. Wattmètre Représentation symbolique d'un wattmètre dans un circuit. Principe Le wattmètre monophasé est muni d’un capteur de courant (ampèremètre), d’un capteur de tension (voltmètre) ...

 

NOAA weather satellite GOES-2Artist's impression of an SMS-series GOES satellite in orbitMission typeWeather satelliteOperatorNOAA / NASACOSPAR ID1977-048A SATCAT no.10061Mission duration24 years Spacecraft propertiesSpacecraft typeSMSManufacturerFord AerospaceLaunch mass295 kilograms (650 lb) Start of missionLaunch date16 June 1977, 10:51:00 (1977-06-16UTC10:51Z) UTCRocketDelta 2914Launch siteCape Canaveral LC-17BContractorMcDonnell Douglas End of missionDisposalDecommissioned...

Human salivary gland Submandibular glandSalivary glandsSalivary glands:1 - parotid gland,2 - submandibular gland,3 - sublingual glandDetailsArteryglandular branches of facial arteryNervesubmandibular ganglionIdentifiersLatinglandula submandibularisMeSHD013363TA98A05.1.02.011TA22810FMA55093Anatomical terminology[edit on Wikidata] The paired submandibular glands (historically known as submaxillary glands) are major salivary glands located beneath the floor of the mouth. In adult humans, the...

 

Pour les articles homonymes, voir Pirenne. Henri Pirenne Biographie Naissance 23 décembre 1862Verviers Décès 24 octobre 1935Uccle Nationalité Belge Enfants Jacques Pirenne Parenté Jules Duesberg (cousin germain (d)), Hilaire Duesberg (cousin germain (d)) et Jacqueline Pirenne (petite-fille (en)) Thématique Formation Université de Liège Titres professeur extraordinaire à l'Université de Gand Profession Médiéviste, historien et professeur d'université (d) Employeur Université de ...

 

Theodora Retno Maruti (tokohindonesia.com) Theodora Retno Maruti (lahir 8 Maret 1947) adalah seorang seniman tari dan maestro tari Jawa klasik gaya Surakarta. Retno Maruti juga seorang koreografer yang mengembangkan tari Jawa klasik yang dianggap kuno menjadi memukau selera penonton modern dalam beberapa pagelaran monumental. Selain mampu menampilkan seni tradisi dengan suatu kedalaman rasa secara kreatif, Retno Maruti juga berhasil melahirkan seniman dan penari klasik muda. Retno Maruti meni...

How one process influences another For other uses, see Causality (disambiguation). Not to be confused with Casualty. Cause and Cause and effect redirect here. For other uses, see Cause (disambiguation) and Cause and effect (disambiguation). Causality is an influence by which one event, process, state, or object (a cause) contributes to the production of another event, process, state, or object (an effect) where the cause is partly responsible for the effect, and the effect is partly dependent...

 

Indian comparative theologian Zakir NaikNaik in the Maldives, 2010BornZakir Abdul Karim Naik (1965-10-18) 18 October 1965 (age 58)Bombay, Maharashtra, IndiaAlma materUniversity of Mumbai (MBBS)OccupationsOratorphysicianYears active1991–presentKnown forDawahTitle Founder and president of Islamic Research Foundation Founder of Peace TV, Peace TV Bangla, Peace TV Urdu, and Peace TV Chinese Board member ofIslamic Research Foundation,[1] Islamic International Sch...

 

Galveston redirects here. For other uses, see Galveston (disambiguation). City in Texas, United StatesGalveston, TexasCityFrom upper left: Galveston downtown skyline, Bishop's Palace, Ashbel Smith Building, Moody Gardens Aquarium, St. Mary Cathedral Basilica and Galveston Island Historic Pleasure Pier SealNickname: The Oleander City[1]Motto: It's Island Time[2]Location in Galveston County in Texas on the northwestern coast of the Gulf of MexicoCoordinates: 29°18′0...

Study, evaluation, and interpretation of literature For the event, see Literary Criticism (UIL). This article needs additional citations for verification. Please help improve this article by adding citations to reliable sources. Unsourced material may be challenged and removed.Find sources: Literary criticism – news · newspapers · books · scholar · JSTOR (April 2016) (Learn how and when to remove this message) Literature Oral literature Folklore fable ...

 

† Египтопитек Реконструкция внешнего вида египтопитека Научная классификация Домен:ЭукариотыЦарство:ЖивотныеПодцарство:ЭуметазоиБез ранга:Двусторонне-симметричныеБез ранга:ВторичноротыеТип:ХордовыеПодтип:ПозвоночныеИнфратип:ЧелюстноротыеНадкласс:Четвероно...

 

この記事は検証可能な参考文献や出典が全く示されていないか、不十分です。出典を追加して記事の信頼性向上にご協力ください。(このテンプレートの使い方)出典検索?: コルク – ニュース · 書籍 · スカラー · CiNii · J-STAGE · NDL · dlib.jp · ジャパンサーチ · TWL(2017年4月) コルクを打ち抜いて作った瓶の栓 コルク(木栓、�...

Cypriot swimmer (born 1981) Georgios DimitriadisPersonal informationFull nameGeorgios DimitriadisNational team CyprusBorn (1981-06-29) 29 June 1981 (age 42)Athens, GreeceHeight1.76 m (5 ft 9 in)Weight67 kg (148 lb)SportSportSwimmingStrokesIndividual medley Medal record Men's swimming Representing Cyprus Games of the Small States of Europe 2001 San Marino 200 m IM 2001 San Marino 400 m IM 2003 Games of the Small States of Europe 2003 Malta 400 m IM ...

 

بيريجاني    علم شعار الاسم الرسمي (بالأوكرانية: Бережани)‏  الإحداثيات 49°26′47″N 24°56′37″E / 49.44642725077°N 24.943643614913°E / 49.44642725077; 24.943643614913   [1] تاريخ التأسيس 1375  تقسيم إداري  البلد أوكرانيا[2]  التقسيم الأعلى ترنوبل أُبلَست (4 ديسمبر 1939–)  خ�...

 

Mathematical simulation of how air pollutants disperse in the ambient atmosphere Part of a series onPollutionIndustrial air pollution source Air Air quality index Atmospheric dispersion modeling Chlorofluorocarbon Combustion Exhaust gas Haze Global dimming Global distillation Indoor air quality Ozone depletion Particulates Persistent organic pollutant Smog Soot Volatile organic compound Waste Biological Biological hazard Genetic Introduced species Invasive species Digital Information Electrom...

British actress (born 1931) DameVirginia McKennaDBEMcKenna at an anti badger cull demonstration, Westminster, London, June 2013BornVirginia Anne McKenna (1931-06-07) 7 June 1931 (age 93)Marylebone, County of London, (now Inner London) EnglandAlma materRoyal Central School of Speech and DramaOccupation(s)Stage and screen actress, authorYears active1952–presentSpouses Denholm Elliott ​ ​(m. 1954; div. 1957)​ Bill Travers ​&#...

 

Massacro dei reali nepalesistrageIl Palazzo Narayanhity, abitazione della famiglia reale e luogo della strage Tipostrage Data1º giugno 2001circa 21:00 LuogoPalazzo Narayanhity, Katmandu Stato Nepal Coordinate27°42′56.16″N 85°19′12″E27°42′56.16″N, 85°19′12″E Arma fucile Colt M16A2 mitra H&K MP5K 9mm fucile Franchi SPAS-12 pistola Glock 19 9mm ObiettivoFamiglia reale nepalese ResponsabiliPrincipe Dipendra del Nepal ConseguenzeMorti10: Re Birendra del Nepal Regina A...

 

HSC Champion Jet 1 docked at Heraklion History NameHSC Champion Jet 1 Owner 2015 onwards: Seajets Condor Ltd Operator Seajets 2018-2020(charter): Naviera Armas 2015 onwards: Seajets 1999-2014 Condor Ferries 1999: Tranz Rail 1998: Condor Ferries Port of registryLimassol, Cyprus,  Cyprus RoutePireaus-Serifos-Sifnos-Milos-Sifnos-Serifos-Pireaus BuilderIncat, Tasmania, Australia Yard number044 Laid down1 November 1996 Launched7 May 1997 Completed1997 IdentificationIMO number: 9151008 G...

Drs.Gustianto Wakil Bupati Seluma ke-4PetahanaMulai menjabat 26 Februari 2021PresidenJoko WidodoGubernurRohidin MersyahPendahuluSupartoPenggantiPetahana Informasi pribadiLahir15 Agustus 1965 (umur 58) Curup, Rejang Lebong, BengkuluSuami/istriDwi Halida AriyaniAnak1Sunting kotak info • L • B Drs. Gustianto (lahir 15 Agustus 1965) adalah Wakil Bupati Seluma periode 2021-2024. Riwayat Pendidikan SD Negeri 2 Tais (1970-1976) SMP Negeri Tais (1976-1981) SMA Negeri 1 Beng...

 

This article is about the palace in Trevi. For the palace also known as Casa Grande dei Barberini, see Palazzo Barberini ai Giubbonari.Palace in Rome now an art museum Palazzo BarberiniPalazzo Barberini entrance and façadeClick on the map for a fullscreen viewGeneral informationArchitectural styleBaroqueLocationRome, ItalyCoordinates41°54′13″N 12°29′25″E / 41.90361°N 12.49028°E / 41.90361; 12.49028Construction started1625Completed1633Design and constructio...