Whole Lotta Love is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Led Zeppelin tusken april en augustus 1969 yn de Olympic studios en útbrocht op it album Led Zeppelin II út 1969. Whole Lotta Love wie it earste nûmer op it album en waard op 7 novimber 1969 útbrocht as iennichste single fan it album.
Oer it nûmer
Whole Lotta Love is opboud om in riff fan fiif noaten hinne. Parten fan de tekst binne streekrjocht oernaam fan it Muddy Waters nûmer You Need Love, wat derta late dat de groep oanklage waard fanwegen plagiaat, mar úteinlik giet it bûten de rjochtbank om en is Willie Dixon taheakke oan de list mei skriuwers.
Muzikanten
- Robert Plant – Sang & Mûlharp
- Jimmy Page – Gitaar
- John Paul Jones – Bas & Oargel
- John Bonham – Drums