Yn Westfalen wurdt ûnder oaren Westfaalsk sprutsen.
Skiednis: territoariums
De histoaryske streek Westfalen beslacht in folle grutter gebiet, nammentlik it hiele westlike part fan it eardere Stamhartochdom Saksen, tusken de Neder-Ryn en de Wezer. De Saksen neamden har eastlike gebiet Eastfalen. Yn de Annales regni Francorum wurde de bewenners fan East- en West-Falen foar it earst neamd by de beskriuwing fan it jier 784, doe't Karel de Grutte en syn âldste soan Karel oplutsen tsjin de Saksen, Karel de Grutte tsjin de "Ostfalaos" en syn soan tsjin de "Westfalaos". It wurd fal(ah) betsjut oars net as 'fjild' as 'flakte'. Dat East- en West-Falen wiene earst it eastlân en it westlân fan de Saksen. De term East-Falen waard letter net mear brûkt.
By it Kongres fan Wenen yn 1815 waard it súdwestlike diel fan dat keninkryk tawiisd oan Prusen. Sûnt wurdt de namme Westfalen mear en mear allinnich noch brûkt foar dy Prusyske provinsje Westfalen. Dy gie yn 1946 op yn de bûnssteat Noardryn-Westfalen.
Symboalen
Prusysk Westfalen
Noardryn-Westfalen
Westfalen
Nedersaksen
It symboal fan Westfalen is fanâlds in wyt hynder op in read fjild (it Westfalenpferd of Sachsenross), dat it folk de Saksen fertsjintwurdiget. Dat ôfbyld waard brûkt yn it wapen fan Prusysk Westfalen en sit no yn it wapen fan Noardryn-Westfalen. It wite hynder is ek it tradisjonele symboal fan it oanswettende Nedersaksen.