De rin fan de Ruiten Aa begjint hjoed-de-dei oan de eastlike râne fan Ter Apel. Dêrnei rint er, yn bytsje kringeljend, nei it noarden. It doarp Sellingen leit tusken de rivier en de parallel lizzende Ruiten-Aa-kanaal beëasten it doarp yn. Tsien kilometer nei it noarden rint it wetter tusken Vlagtwedde en Onstwedde en rint gear mei de Mussel Aa. Op dat plak begjint de Westerwâldske Aa.
Dêrnei rint er troch Wedde en dan eastlik by Blijham del. By de útbuorrenDe Bult by Aldeskâns mûnet de Pekel A yn de rivier út. Dêr wei is skipfeart yn de rivier mooglik. Justjes foar Bad Nijeskâns komt it B.L. Tijdenskanaal út yn de rivier. Dêrnei rint it rivierke by Bad Nijeskâns del nei it noarden dêr't it yn de Doalert útmûnet. Fan Bad Nijeskâns ôf foarmet de rivier de ryksgrins tusken Nederlân en Dútslân.
Uterdyks, yn de Doalert, wurdt er Bûten Aa of Schanskerdiep neamd, en rint sa'n 2½ kilometer westlik by de Nederlânske ouwer del, foar't it nei it noarden yn de rjochting fan de Groote Gat rint, dat ek ta de rin fan de rivier rekkene wurde kin.