It wapen fan Nij Beets is it wapen fan it doarp Nij Beets, yn de Fryske gemeente Opsterlân. It wapen waard yn 1994 registrearre.
Beskriuwing
De blazoenearring fan it wapen is:
Weagjend trochsnien: I yn goud twa klaverblêdden fan kiel, II yn sabel trije turven fan sulver, pleatse 2 en 1; oer alles hinne in turfstekker fan it ien yn it oare.
De heraldyske kleuren binne: goud, kiel (read), sabel (swart) en sulver.
Symbolyk
Swarte fjild: ferwiist nei it fean yn de omkriten fan it doarp. De weagjende râne ferwiist nei it part "beets" fan de plaknamme, wat beek betsjut. It giet om De Boarn.
Gouden fjild: ferwiist nei de sângrûn dêr't it doarp op leit.
Turfstekker: ferwizing nei de feanterij yn de omkriten fan it doarp.
Sulveren turven: ferwizing nei de feanterij.
Reade klavers: ferwiist nei it agraryske karakter fan de omkriten fan it doarp.