Yn goud in rjochterskeanbalke fan azuer, beladen mei in gouden pinnehâlder mei kroantsjespinne, de hâlder nei boppe rjochte; links fan de balke in roas fan kiel.
De heraldyske kleuren binne: goud, azuer (blau) en kiel (read).
Symbolyk
Blauwe skeanblake: ferwiist nei de weagjende skeanblake fan it wapen fan West-Dongeradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiids part fan wie. Ek stiet de balke foar de Dokkumerwei dy't troch it doarp rint.
Roas: oernommen út it wapen fan de famylje Stenstera dy't yn it doarp in stins bewenne.
Kroantsjespinne: symboal foar de dûmny en dichter François Haverschmidt. Foudgum wei syn earste parochy dêr't er preke, fan 1859 oant 1862.