It wapen fan De Pein is it wapen fan it doarp De Pein, yn de Fryske gemeente Smellingerlân. It wapen waard yn 2011 registrearre.
Beskriuwing
De blazoenearring fan it wapen is:
Trochsneid: I, blokt fan sulver en swart yn fiif rijen fan sân lizzende blokjes; II, yn goud twa klaverblêden mei krukte, nei it skyldhert rjochte stâlen; oer alles hinne in read en blau skean fjouwerendield krús.
De heraldyske kleuren binne: sulver, sabel (swart), goud, sinopel (grien), kiel (read) en azuer (blau).
Symbolyk
Reade balke: ferwiist nei de haadwei fan it doarp, de Kommisjewei.
Blauwe peal: stiet foar de Peinder Kanaal dy troch it doarp rint. De skeane krusing mei de reade balke ferwiist der op de de dyk en it kanaal like wichtich wien foar it doarp.
Blokt fjild: ferwiist op it fean dat noardlik en eastlik fan it doarp oanwêzich wie.
Gouden fjild: symboal foar de sângrûn wêr't it doarp op leit.
Klaverblêden: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Burmania, dy't in soad aktyf wie by de feanterij.