Wapen fan Ballum

Wapen fan Ballum

It wapen fan Ballum is it wapen fan it doap Ballum, op it Fryske waadeilân It Amelân. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 2015 registrearre.

Skiednis

It wapen soe yn de jierren '80 oan it doarp takend wêze, mar de administraasje is ferlern gien. Yn 2015 waard it wapen opnij registrearre. Der waard ek in nij ûntwerp makke foar de flagge fan Ballum.

Beskriuwing

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn blau in gouden kantielde boarchtoer mei twa finsters, iepene en ferljochte fan it fjild; in gouden skyldhaad mei in lizzende swarte kaam mei tosken oan beide siden.

De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud en sabel (swart).

Symbolyk

  • Boarchtoer: stiet symboal foar it Camminghaslot, in state dy bewenne waard troch de famylje Van Cammingha.
  • Kaam: oernommen út it wapen fan Van Cammingha.
  • Kleurstelling: oernommen út it wapen fan It Amelân.


Sjoch ek