Yn goud in griene rjochterskeanbalke, beladen fan boppe nei ûnder mei in rjochtopsteande fisk, in roas en it rjochtopsteande fisk, alles fan sulver, mei in reade kantiele skyldseam.
De heraldyske kleuren binne: goud, sinopel (grien), sulver en kiel (read).
Symbolyk
Kantiele skyldseam: symboal foar de eardere Clantstate.
Gouden fjild mei griene skeanbalke en fisken: oernommen út it wapen fan de Grinslânske famylje Clant dy de Clantstate bewenne en dat twa grytmannen fan Kollumerlân en Nijkrúslân besoarge.
Roas: oernommen út de wapens fan de famyljes Roorda en Fan Aylva dy ek de Clantstate bewenne ha en foarkaam as grytmannen.