Wapen fan Aldebiltsyl

Wapen fan Aldebiltsyl

It wapen fan Aldebiltsyl (Biltsk: wapen fan Ouwe Syl) is it wapen fan it doarp Aldebiltsyl, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 2010 registrearre.

Skiednis

It wapen fan Aldebiltsyl is oerlevere yn in rymke: "In dissel met in byl, is 't wapen fan Ouwe Syl". In eardere ferzje fan it wapen hie in swarte skyldkleur.

Beskriuwing

De blazoenearring fan it wapen is:

Kepersgewiis trochsnien yn trije stikken grien , sulver en read, oer alles hinne in dissel mei de stâle nei ûnderen en in bile mei de stâle omheech; de dissel fan goud yn it grien en it read en fan grien yn it sulver; de bile fan goud yn it grien en it read en fan read yn it sulver.

De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), sulver, kiel (read) en goud.

Symbolyk

  • Dissel en bile: oernommen út it rymke fan it wapen.
  • Kepergewiis trochsnien: ferwiist nei de eardere slûs yn it doarp.
  • Kleurstelling: oernommen út de flagge fan Aldebiltsyl, dy't al earder bekend wie.

Sjoch ek