De lânkring Vulkaneifel (oant 31 desimber 2006 "lânkring Daun") is in bestjoerlik distrikt yn it noardwesten fan de DútskedielsteatRynlân-Palts. De lânkring leit yn de Eifel en is wat ynwenners oanbelanget de lytste lânkring fan de dielsteat en de op trije nei lytste fan Dútslân. De lânkring wurdt fanút Daun bestjoerd, neffens ynwennertal it grutste plak fan de lânkring Vulkaneifel.
Geografy
De lânkring Vulkaneifel leit yn it westlike diel fan de Fulkaaneifel, in gebiet mei hichtes tusken 150 en 700 meter dat foarm krige troch it eardere fulkanisme en dat ryk is oan mineraalboarnen. It rivierke de Kyll streamt fan it noarden nei it suden troch de lânkring.