Veena Malik (Urdu: ويتا ملک, berne Zahida Malik) (Rawalpindy, 26 febrewaris1984) is in Pakistaanskeaktrise, model en komediënne. Yn in tiid fan tsien jier hat sy wurke by nijsstjoerders en yn spylfilms meidien, prizen garre en wurdearring krigen foar de measte fan har optredens. Malik is sûnt in foaroansteand aktrise fan de Urdu-sinema (Lollywood). Sy is ek ferneamd om har stipe fan ferskate goede doelen, benammen as ambassatrise fan de World Health Organization.
Persoanlik
Yn 2011 wie der opskuor yn Pakistan oer in bleatfoto fan Malik op de omslach fan de Yndyske edysje fan FHM-magazine; op de foto is sy te sjen mei de letters "ISI" op har boppe-earm -- de inysjalen fan Pakistan's kontroverzjele geheime tsjinst, Inter-Services Intelligence.