Västerås is grut wurden troch twa ynternasjonale yndustryen, ASEA (no ABB), dy't Sweden as spesjalist op it mêd fan swiere elektrotechnyk op de kaart set hat, en in grut metaalbedriuw. Yn 1990 fierde Västerås syn tûzenjierrich bestean.
Ferskaat
Västerås wurdt ek wol "de komkommerstêd" (gurkstaden) neamd.
Jazzens Museum is it earste jazzmuseum fan Europa.
Yn Västerås begjint de Bruksleden, in 250 km lange kuierrûte tusken Västerås en Avesta.