Us Leaffrou fan Salette (Frânsk: Notre Dame de Salette) is in beafeartplak yn La Salette, in lyts doarpke op 1800 meter hichte yn de Frânske Alpen, likernôch 75 km súdeast fan Grenoble.
Alle jierren komme der sa'n 200.000 minsken te beafeart nei Us Leaffrou fan Salette. Op it plak dêr't de ferskining plak fûn, stean bylden fan Marije en de bern. Der is in hillige boarne mei genêskrêftich wetter dêr't siken en minsken mei kwalen op ôfkomme. Fierder stiet der in grutte basilyk en in hotel.
La Salette is te berikken fia Corps, oan de Route Napoléon (N85), dat is de wei fan Grenoble nei Gap.