De Ierske rockband U2 is oprjochte yn septimber 1976. Sûnt it begjin bestiet de band út sjonger Bono (Paul David Hewson, berne 10 maaie 1960), gitarist The Edge (David Howell Evans, berne op 8 augustus 1961) basgitarist Adam Clayton (13 maart 1960) en drummer Larry Mullen jr (31 oktober 1961). De band is neamd nei it Amerikaansk spionaazjefleantúchLockheed U-2 dat yn 1960 delsketten waard boppe Ruslân.
De earste albums “Boy” (1980) en “October” (1981) hiene noch net in dúdlik eigen styl, hoewol’t se rekkene waarden ta de yn dy jierren populêre New Wave. Yn 1983 kaam it album “War” út mei de hits “New Years Day” en “Sunday Bloody Sunday”, dat giet oer in bloedbad yn 1972 yn Noard-Ierlân. Mei dat album makken se har politike opfettings ek al dúdlik. Dat soe letter noch folle faker barre.
Yn 1984 waard it album “The Unforgettable Fire” útbrocht en yn 1987 “The Joshua Tree”. Dat album wurdt troch in soad leafhawwers as it hichtepunt fan harren oeuvre sjoen mei de hits “Where the Streets have no Name”, “I still haven’t found what I’m looking for” en “With or without you”. Dy lieten binne sterk en opswypkjend, mar der steane ek hiel rêstige lieten op it album.
Yn 1988 kaam “Rattle and Hum”, in oade oan de Amerikaanske muzyk, mei sawol konsert- as studio-opnames. Op it liet “Desire” docht de bluessjonger en –gitarist B.B. King mei.
De band stie sa bot yn de belangstelling dat se wol in stapke werom dwaan moasten en sy ferfearen foar in skoft nei Berlyn, dêr't hja ynspiraasje opdiene foar it nije album “Achtung Baby” (1991) mei it bekende liet “One”, dat noch altyd heech yn de Top 2000 stiet. De band socht dúdlik in oare styl, dizze muzyk wie folle eksperimenteler. Dat wie noch mear sa op de albums “Zoropa” (1993) en “Pop” (1997). Dat lêste album hie safolle súkses net.
Mei de albums “All that you can’t leave behind” (2000) en “How to Dismantle an Atomic Bomb" (2004) sloech de band wer it âlde, fertroude rock paad yn. De lieten “Beautiful Day” en “Elevation” waarden in grut sukses. Yn 2009 folge “No Line on the Horizon.” Bij de tournee yn it ramt fan dit nije album wurke U2 mei in rûn poadium, sadat se it publyk om harren hinne hiene. Yn 2015 kaam it lêste album oant no ta út, “Songs of Innocence”.
De band hat altyd in soad oan woldiedichheid dien, sawol yn de teksten as yn de konserten. Se diene ûnder oaren mei oan Live Aid yn 1985 (wêrfan’t de opbringst nei de hongersneed yn Ethiopie gong) en in tournee foar Amnesty International yn 1986. Bono set him ek persoanlik yn foar projekten yn Afrika.