Tonkens, soan fan in timmerman, hie tegearre mei Bonne Kazemier (1875-1967) yn Grins it arsjitekteburo Kazemier & Tonkens, dat yn de perioade 1919-1940 tûzenen wenten yn dy stêd ûntwurpen hat. Harren ferieningslokaal foar de Vrijzinnig Lutherse Vereniging yn de Haddingestrjitte yn Grins is oanwiisd as ryksmonumint.[1]
Yn maart 2017 liet de stêd Grins witte dat der in strjitte nei Tonko Tonkens ferneamd wurde sil. De strjitte, Tonkensstraat hjitten, sil ûnderdiel wurde fan it prestizjeuze Jeropapark-projekt by it Euroborg stadion.