To Live Is to Die is in grut diels ynstrumentaal nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica yn 1988 en útbrocht op it fjirde album ...And Justice for All fan Metallica út 1988. To Live Is to Die is it achtste nûmer op it album.
Oer it nûmer
Inkelde dielen fan dit nûmer wiene noch skreaun troch Cliff Burton de yn 1986 ferûngelokke bassist fan Metallica. It nûmer is hast folslein ynstrumintaal, allinnich yn 'e sânde minút is in koart oan Burton opdroegen gedicht te hearren. It nûmer waard foar it earst live spile op 7 desimber 2011, mear as 25 jier neidat it nûmer skreaun waard.
Muzikanten