Van der Meer is de soan fan timmerman Hindrik van der Meer. Hy waard ek wol "Lytse Teake fan De Westereen" neamd. Mei syn grifformearde famylje, hy wie ien fan de njoggen bern, (mar wol ien fan de stilste) song er yn de fyftiger en sechtiger jierren Fryske lietsjes. Fantasearje en prakkesearje, dat die er it leafst, as jonkje fan fiif stapte er al op de stove om in mopke te fertellen. Nei de ambachtsskoalle yn Dokkum begûn er by toanielferiening Excelsior yn Sweagerfean. Letter wurke Teake by meardere selskippen, ek mei Fred Rootveld en de Musicals. Dêrnei begûn er mei optredens op brulloften en feesten. Hy waard ferneamd yn Fryslân om syn streektypes en de hilaryske sitewaasjes dy't er sketst. Al syn programma's wiene yn it Frysk. Hy hat meardere platen en cd's makke mei syn programma's der op. Bekend waard er mei types as Appie mei Bello, Auke Oargel, Matsje fan Jan, Hindrikje en mear. Fan it iene op it oare momint krûpte er yn de hûd fan syn kreaasjes. As konferencier en fratsemakker fertelde er oan de keukentafel fan mem en frou syn belevenissen en sette syn eigen útsprutsene fraachtekens by it libben fan al den dei. Hy spile sa fierder yn de trant fan foargongers as Lytse Sjoerd, Klaas Westra en Tetman de Vries mei teksten dy't er sels skreau. Minsken sear dwaan wie him in grouwel. Ien fan syn foarbylden wie Tommy Cooper.
Neist solo-optredens hie er syn show-kabaret, in jûnfoljend programma dat er docht mei toanielgûchelder/yllúsjonist Minze Dijksma en sjongster Griet Wiersma. Sa'n tritich jier lyn makke er namme mei de langspylplaat Friesland Plat dy't yn de Top-10 kaam. Dêrnei folgen noch sa'n tsien CD's en in tal DVD's. Yn 2002 fierde er syn 40-jierrich jubileum yn it artystefak. Dat brocht him yn doarpshuzen, feesttinten, toanielsealen, brulloften en by Friezen om utens yn Kanada, de Feriene Steaten en sels op cruiseskippen. Van der Mear wie fan doel om yn 2015 op te hâlden nei de jublileumrevu 50 jaar Teake van der Meer, mar yn 2017 sette er dochs noch útein mei de solofoarstelling Noch ien kear, dy't er bringe woe op alle plakken dêr't er earder op de planken stien hie. Dy toernee koe er lykwols net ôfmeitsje om reden fan de koroanapandemy.[1]
Teake van der Meer ferstoar yn âldens fan 83 jier, nei in koart siikbêd, oan de gefolgen fan asbestkanker.[2]