Tûla (Russysk: Тула) is in yndustrystêd yn Ruslân en ek de haadstêd fan de oblastTûla, sa'n 200 km besuden Moskou. De stêd leit oan de rivier de Upa en it rivierke de Tûlitsa, dêr't de stêd ek nei ferneamd is.
De stêd hat in âlde sitadel (in kremlyn). De famylje Demidov hat in wichtige rol yn de ûntjouwing fan de stêd spile.
De ferneamde Russyske skriuwer Lev Tolstoj (1828–1910) wenne yn de bûtenpleats Jasnaja Poljana ûnder Tûla dy't de wichtichste toeristyke attraksje fan de oblast Tûla waard.
Ekonomy
Al goed fjouwer iuwen is Tûla is in wichtich sintrum fan yndustry en tal fan ambachten. Fral metallurgy, masinebou en metaalbewurking binne fan grut belang, mei as wichtige ôfnimmer definsje, en fierder ek de fiedselyndustry.