It earste stasjon iepene op 1 maaie1870 syn doarren foar treinreizgers. It earste stasjonsgebou wie in gebou mei in heech middenpart mei twa puntgevels oan wjerskanten en oan beide kanten in fleugel. It gebou waard yn 1945 ôfbrútsen nei't it slim skansearre rekke wie yn de Twadde Wrâldkriich.
It stasjonsgebou waard yn 1950 ferfongen, nei ûntwerp fan arsjitekt Sybolt van Ravesteyn yn 'e styl fan 'e Delftske Skoalle, in lang en leech ienfâldich gebouke mei sealtek en in aksintuearre yngong.
It stasjonsgebou út 1950 waard yn 2001 ôfbrútsen en ferfongen troch twa treppenhúzen mei liften en in glêzen fuotgongersbrêge der tusken yn, mei twa wachtromtes midden op de brêge, mei útsjoch op de spoaren en it grutte rangearterrein by Lage Zwaluwe, fan de hân fan arsjitekt Edwin Megens.