Stasjon Kampen Súd (Kpnz) is in stasjon oan de Hânzeline yn de stêd Kampen yn de provinsje Oerisel.
Gebou
It stasjonsgebou kaam yn 2010 ree, en waard iepene op 9 desimber 2012 foar treinreizgers doe't it spoar fan de Hânzeline (Lelystêd Sintrum - Swol) oanlein wie. It ûntwerp fan it stasjon is kwa foarmjouwing ynspirearre troch stasjon Heemstede-Aerdenhout. It stasjon hat lykwols gjin bemande foarsjenningen. Der is in iepen stasjonshal ûnder de spoarline en perrons mei dêryn foarsjenningen as de kaartsje-automaten. Yn de hal binne de treppen en liften nei de perrons ta. De muorren binne oan de bûtenkant safolle mooglik útfierd mei bakstien. De súdkant fan de hal, de liften en de abry's lâns de perrons binne útfierd yn swartgriis lakt stiel en glês.
Treinferbinings
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|