It earste stasjon waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens en iepene op 1 oktober1866 syn doarren foar treinreizgers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS Fjirde Klasse.
En wie ien fan de fyftjin stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. Al yn 1876 kaam de earste ferbouwing. Oan beide kanten waard in lange fleugel byboud. Yn 1911 waard de linkerfleugel ferlinge, sadat dy 3 kear sa lang waard.
Yn april 1987 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou, ûntwurpen troch de arsjitekt Paul Corbey. Dit stasjon hie in dragend skelet, dêr't men ynboupakketten yn oanbringe koe. De reiziger kaam út it stasjonsgebou wei as earste terjochte op perron 1. Om nei it eilânperron by spoar 2 te rinnen moast hja gebrûk meitsje fan in oerstek dy 't bedoeld wie foar fuotgongers.
It stasjonsgebou út 1987 waard yn febrewaris 2012 ôfbrutsen om't it al fan it begjin ôf net foldie. De bou fan it nije stasjonsgebou begûn yn 2013, in jier letter yn 2014 waard it nije stasjonsgebou iepene. It earste perron fan it stasjon is justjes mear nei it westen ferpleatst neffens de situaasje út 1987. De beide perrons binne berikber makke troch middel fan twa liften en twa treppen. Dêrmei waard it stasjon ek fuortendaliks tagonklik makke foar reizgers mei in rolstoel.
Rydt allinnich jûns en sneins. Rydt op wykdagen yn de betide jûn ien rit fan Venlo ôf nei Rotterdam Sintraal en twa ritten fan Dordrecht nei Venlo, de rest fan de ritten op wykdagen ride allinnich tusken Schiphol Airport en Venlo oer.