Stasjon Hedel (Hdl) wie in stasjon oan de Steatsline H yn it doarp Hedel yn de gemeente Maasdriel yn de provinsje Gelderlân. It stasjon wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type Sâltbommel en is ien fan de sân stasjons dy't ea yn dizze klasse boud is.
Gebou
It stasjonsgebou waard iepene op 1 novimber 1868 foar treinreizgers ek doe't Steatsline H oanlein wie. It stasjon waard sletten yn 1935. Yn 1940, yn de Twadde Wrâldkriich, rekke it stasjonsgebou skansearre troch in bombardemint, it stasjonsgebou waard yn 1950 ôfbrútsen. Der is hjoed-de-dei neat mear fan is stasjon en stasjonsgebou werom te finen.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|