Al yn 1881 waard it earste stasjonsgebou sloopt en ferfongen troch nijbou, in ûntwerp dat liket op it standertype SS fjirde klasse.
It stasjonsgebou út 1881 waard yn 1976 ôfbrutsen, en ferfongen troch in ûntwerp dat bekend stiet as Standerttype Beilen ûntwurpen troch de arsjitekt Cees Douma. Dit wie in ferienfâldige ferzje fan standerttype Douma. Dit gebou wie sûnt de jieren 90 yn gebrûk as atelier fan keunstner Gert Sennema en en baarnde yn 2005 ôf, en waard net ferfongen troch in nij stasjonsgebou.